• Home
  • /Referinsjeramt Frysk (rrF)

Referinsjeramt Frysk (rrF)

In evaluaasjesysteem foar it fak Frysk hat baat by in kurrikulum dat gearhing en dúdlikheid jout en in solide basis is foar it byhâlden fan de foarderingen yn it learen fan taal.De provinsje Fryslân hat mei dêrom opdracht jûn om it referinsjeramt Frysk (rrF) te ûntwikkeljen mei behearskingsdoelen foar learlingen yn it basis- en fuortset ûnderwiis.

Yn it referinsjeramt Frysk (rrF) steane beskriuwings fan de kwaliteiten fan learlingen op it mêd fan kennis, ynsjoch en feardichheden oangeande it Frysk. Der binne fiif nivo’s: nivo A1, nivo A2, nivo B1, nivo B2 en nivo C1. Dy nivo’s komme oerien mei de nivo’s út it Europees Referentiekader voor Moderne Vreemde Talen, it ERK. Nivo A is it nivo fan de basisbrûker, nivo B dat fan de ûnôfhinklike brûker en nivo C is it nivo fan de betûfte brûker.

Yn it rrF steane nivobeskriuwings foar mûnlinge en skriftlike taalbehearsking, nammentlik foar: harkjen, sprekken, lêzen, skriuwen en it hawwen fan petearen.

Beoardieljen helpt it ûnderwiis foarút as it de learlingen stipet by it learen. It wurdt oan ien stik troch dien, ûnder de lessen (formatyf), wêrby’t de learling opbouwende feedback krije kin, en op syn tiid summatyf om te sjen hoefier oft de learling ûnderwilens is. Yn beide foarmen is it rrF op de eftergrûn it referinsjeramt foar de beoardielingen.

Rff

Download Referinsjeramt Frysk >>