Ymplemintaasje GRIP

It evaluaasjesysteem Frysk, GRIP, is klear! Fan it skoaljier 2016-2017 ôf kinne alle basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Fryslân de evaluaasje-ynstruminten brûke. De adviseurs fan Cedin kinne skoallen stypje by it ymplementearjen fan GRIP, en at de skoallen dat wolle, kin dit tegelyk mei it gebrûk fan it lesmateriaal Spoar 8 foar it basisûnderwiis en Searje 36 foar it fuortset ûnderwiis. Yn de begelieding stiet it jaan fan ynformaasje, karren meitsjen en oefenjen sintraal. Skoallen hoege net alle toetsen út GRIP te brûken.

Op basis fan kennis oer de evaluaasje-ynstruminten fan GRIP beslút elke skoalle sels hokker evaluaasje-ynstruminten hy ynsette wol om de taalûntwikkeling fan Frysk yn byld te bringen en te folgjen. As de ynstruminten brûkt binne, dan kinne de skoallen de skoares fan de evaluaasje-ynstruminten brûke om it lesoanbod Frysk optimaal ôf te stimmen op de learlingen. Cedin begeliedt skoallen by it analysearjen fan de skoares en it fertalen fan dy útkomsten nei de lessen en dêrneist biede se wurkwinkels oan oer it nije lesmateriaal Spoar 8.

Sels kieze foar de foarm fan begelieding!

Om sa goed mooglik oan te sluten by it begeliedingsferlet fan de skoallen en de learkrêften, organisearret Cedin sawol regionale- as skoalspesifike gearkomsten. Yn de regionale gearkomsten, dy’t ornearre binne foar taalko-ordinatoaren, ib-ers, learkrêften út it primêr ûnderwiis en dosinten Frysk yn it fuortset ûnderwiis, stiet it ynformearjen en it opdwaan fan kennis en ûnderfining sintraal.
De ynhâld fan de regiobyienkomsten sjocht der sa út:

Byienkomst 1 (pû): Wat is GRIP? Wat is Spoar 8? (Ynformative gearkomste)
Byienkomst 2 (pû): Lessen meitsje mei Spoar 8 (Knoppenkursus)
Byienkomst 3 (pû en fû): Evaluearje mei GRIP (Knoppenkursus)
Byienkomst 4 (pû en fû): Analysearje mei GRIP (Systematysk de resultaten besjen, Wat betsjutte de resultaten?, Hoe set ik dit oer nei myn oanbod?)

As de skoalle sawol GRIP as it nije lesmateriaal skoallebreed ynfiere wol, kin ek in trajekt-op-maat oanbean wurde. Dit kin der bygelyks sa útsjen:

Gearkomste 1. Fyzje en ambysjes oersette yn plannen (by de start fan it brûken): Yn dizze gearkomste stiet de fraach sintraal hoe’t de skoalle gebrûk meitsje kin fan Spoar 8en/of GRIP. Ut de fisy en ambysjes fan de skoalle, ek yn relaasje ta it stimulearringsbelied fan de provinsje yn it ramt fan it ‘Taalplan Frysk’, makket de skoalle yn de mande mei de adviseur plannen foar de ymplemintaasje. De skoalle betinkt sels op hokker wize dy it bêste stipe wurde kin by de ymplemintaasje. De ôfspraken wurde fêstlein yn de toetskalinder.

Gearkomste 2. Reflektearje op ymplemintaasje (nei in oantal wiken): Yn dizze gearkomste reflektearret it team op de útfiering fan GRIP en/of Spoar 8 oan de hân fan de yn de earste gearkomste formulearre ôfspraken. It doel is om ûnderfiningen en kennis te dielen. Dêrneist wurdt oefene mei it stellen fan doelen foar eltse groep.

Gearkomste 3. Ûntwikkelingsrjochte wurkje: Ek dizze gearkomste begjint mei it reflektearjen op de útfiering fan GRIP en/of Spoar 8 oant no ta. Dêrnei wurdt omtinken jûn oan it analysearjen fan de resultaten fan de toetsen en de oersetting fan dy resultaten nei in lesoanbod.
De krekte ynfolling fan it trajekt wurdt yn mienskiplik oerlis fêststeld.

Contact:
d.hamstra@cedin.nl