Wat is Grip?

Taalûnderwiis yn Fryslân is yn prinsipe altiten meartalich ûnderwiis.

Frysk en Ingelsk binne ferplichte ûnderdielen binnen it reguliere taalûnderwiis yn Fryslân en alle p.û.- en f.û.-skoallen moatte hjirre fisy en belied ûntwikkelje op it mêd fan yntegraal meartalich ûnderwiis. Om de ûntwikkeling fan bern better folgje te kinnen, wurde de evaluaasje-ynstruminten ek ôfstimd op dizze trije talen.

Untwikkeling

Yn 2013 is de wurkgroep Evaluaasjesysteem Frysk úteinset. Letter waard de namme Grip hjiroan ferbûn. Om der foar ynstean te kinnen dat it systeem oanslút by it ferlet yn it fjild, hawwe yntusken in oantal fjildriedplegings plakfûn en binne ferskate learkrêften en dosinten út primêr en fuortset ûnderwiis belutsen by it ûntwikkeljen fan ‘e ferskillende ynstruminten.

Evaluaasjesysteem

Sûnt 2014 is de Provinsje Fryslân einferantwurdlik foar it Frysk binnen it taalûnderwiis. Mei finansjele stipe fan ‘e Provinsje is de ûntwikkeling fan it evaluaasjesysteem Frysk doe yn in streamfersnelling kommen. Doel is dat skoallen fan augustus 2016 ôf gebrûk meitsje kinne fan ferskillende ynstruminten om de taalûntwikkeling fan harren bern te folgjen.

De evaluaasjeynstruminten binne keppele oan ’e differinsjearre leardoelen foar taal, sa’t dy beskreaun steane yn it referinsjeramt Frysk (rrF); (sjoch: www.grip.frl /It Fûnemint/rrF).

Foar alle bern binne der doelen op maat formulearre by de taaldomeinen harkjen, lêzen, yn petear, sprekken, skriuwen. De differinsjearre leardoelen binne keppele oan it fernijde learstofoanbod Frysk.

Opbringstrjochte learomjouwing

No’t oanbod, lesdoelen per domein en evaluaasjeynstruminten digitaal oan elkoar keppele wurde, ûntstiet in opbringstrjochte learomjouwing dêr’t learkrêften en bern mei doel harren taalleartrajekt útsette en folgje kinne. Sa krije bern en learkrêften mear grip op ‘e yndividuele taalûntjouwing fan elk bern yn in meartalige kontekst.