Wa binne wy

Der is in konsortium opsetten mei in oantal organisaasjes dy´t harren belutsen fiele mei en ferantwurdlik binne foar it Frysk yn it ûnderwiis, nammentlik:

Grip is mei ta stân kaam troch de finansjele bydrage fan de Provinsje Fryslân.




De projektlieders

Jurjen Kingma (NHL)

Grip op begripend lêzen

Drs. Jurjen Kingma is taalkundich ûndersiker by it lektoraat Frysk en Meartaligens oan de hegeskoallen NHL en Stenden yn Ljouwert. Hy is projektlieder foar it dielprojekt: Toetsen Lêsbegryp.

Reitse Jonkman (NHL)

Grip op wurdskat en grammatika (Frisia)

Dr. Reitze Jonkman is taalsosjolooch fan it Frysk by it lektoraat Frysk en Meartaligens oan de hegeskoallen NHL en Stenden yn Ljouwert. Hy is projektlieder foar it dielprojekt Frisiatoets (metoade-ûnôfhinklike toetsen)

Albert Walsweer (NHL)

Grip op mûnlinge taalfeardigens en skriuwfeardigens

Albert wurket sûnt 2000 bij de NHL Hegeskoalle en is dêr senior adviseur PU (ôfdieling ECNO) en senior ûndersiker bij het lektoraat Taalgebruik en Leren.
Hy is oplieder fan de taalkoördinatoaren yn Fryslân en hat binnen de NHL Hegeskoalle de lieding oer projekten yn it ramt fan Boppeslach (Provinsje Fryslân).

Wim de Boer (Afûk)

Grip op metoadebûne toetsen & Grip op LVS

Wim de Boer is haad ûnderwiis by de Afûk. Hy is ûnderwiiskundige en in ekspert op it mêd fan it gebrûk fan ICT yn it ûnderwiis. Hy wurke earder by de Universiteit Twente, it SLO, yn Mozambique by de learare-oplieding en yn Ecuador foar it ministearje fan ûnderwiis. Mear ynformaasje stiet op www.wimdeboer.nl.

Bernadet de Jager (Cedin)

Kommunikaasje en ymplemintaasje

Bernadet de Jager is senior ûndersiker by Cedin, educatieve dienstverlening. Sy begeliedt skoalteams by “opbrengstgericht werken” en praktykrjochte ûndersyk.  Dêrnjonken fiert hja yn opdracht fan gemeenten, bestjoeren en provinsje ûndersyk út, bygelyks nei de ekstra wearde fan de 3TS-skoallen en nei de kwaliteit fan kultuerûnderwiis.


Alle grippers