• Home
  • /Oer Grip
  • /Grip op mûnlinge taalfeardigens en skriuwfeardigens

Grip op mûnlinge taalfeardigens en skriuwfeardigens

Wat wurdt der observearre?

Mei dit observaasje-ynstrumintarium kin de ûntwikkeling fan mûnlinge taalfeardigens en skriuwfeardigens fan learlingen yn it basisûnderwiis en ûnderbou fuorset ûnderwiis folge wurde. Learkrêften kinne harren learlingen folgje ûnderweis nei de ‘folsleine’ behearsking fan in sjenre, yn in meartalige situaasje dêr’t Frysk en Nederlânsk (mooglik ek Ingelsk) njonken elkoar brûkt wurde yn it ûnderwiis.

Oer hokfoar domein út it RRF giet it?

De observaasje-ynstruminten binne rjochte op ‘e domeinen yn petear, prate en skriuwe. Binnen dizze domeinen giet it om in rige fan sjenres.

Foar hokfoar groepen is it ynstrumint?

Basisûnderwiis, ûnderbou: fjouwer ynstruminten rjochte op ‘e sjenres: neifertelle, deelnimme oan in oerlis-learpetear, dielnimme oan fantasijspul en begjinnend letterjen.

Basisûnderwiis, middenbou en boppebou: Alve ynstruminten rjochte op ‘e sjenres: oerlis, diskusje, fraachpetear, mûnlinge presintaasje, mûnlinge ynstruksie, boekbesprekking, mûnlinge redenaasje, skriftlik ferslach, brief, skriftlike ynstruksje en resinsje.

Fuortset ûnderwiis, ûnderbou: Alve ynstruminten rjochte op ‘e sjenres: beslútfoarmjende diskusje, miening foarmjende diskusje, fraachpetear, ynformative presintaasje, mûninge redenaasje, brief, ferslach, ynstruksje, resinsje, kranteberjocht en skriftlike redenaasje.

Ôfname

De skoallen kinne sels kieze hokfoar observaasje-ynstruminten hja ynsette wolle en hoe faak. De learkrêft observearret yndividuele learlingen (of in groepke by de groepspetearen) oan de hân fan observaasjepunten en notearret (digitaal of op papier) hoe’t de observearre learling skoart op dizze punten.

Hoe kin ik de ynformaasje brûke foar myn ûnderwiis?

Dit ynstrumint kin brûkt wurde om:

  • de ûntwikkeling fan ‘e mûnlinge taalfeardigens fan learlingen te folgjen
  • de ûntwikkeling fan ‘e skriftlike taalfeardigens fan learlingen te folgen
  • in taalportfolio te meitsjen
  • feedback te jaan oan learlingen
  • as learkrêft mear sicht te krijen yn de ferskillende sjenres
  • de observaasjefeardigens fan learkrêften te fersterkjen

Gaadlik foar hokfoar skoallen?

De observaasje-ynstruminten binne gaadlik foar alle skoallen yn Fryslân dy’t learlingen ûnderwiis biede op ûnderwerpen binnen de domeinen yn petear, prate en/of skriuwe. Elke skoalle kin sels de observaasje-ynstruminten selektearje dy’t oanslute by it ûnderwiisoanbod Frysk op ‘e skoalle.

Wat hâldt it observaasje-ynstrumint mûnlinge taalfeardigens en skriuwfeardigens yn?

It is in observaasje-ynstrumint om de mûnlinge en skriftlike taalfeardigens te folgjen yn ferskate sjenres. It ynstrumint jout, wêr mooglik, in yndikaasje foar  it behearsingsnivo yn it Frysk op basis fan it Referinsjeramt Frysk.

Foar wa is it bedoeld?

It is bedoeld foar learlingen fan groep 1 oant en mei 8 fan it basis ûnderwiis en foar learlingen fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Hoe kinst it brûke?

It kin brûkt wurde om:

  • de ûntjouwing fan de mûnlinge taalfeardigens fan bern te folgjen.
  • de ûntjouwing fan de skriftlike  taalfeardigens fan bern te folgjen
  • in taalportfolio oan te lizzen
  • feedback te jaan
  • as learkrêften mear grip te krijen op de ferskate sjenres
  • de observaasjefeardigens fan learkrêften te fersterkjen

 

Wêrom dit observaasje-ynstrumint?

Der binne oant no ta gjin ynstruminten beskikber foar learkrêften om de ûntjouwing fan mûnlinge en skriftlike taalfeardigens yn ferskate sjenres te folgjen.

 

Wannear brûkst it?

Yn it team moat de ynsetberheid  fan it  ynstrumint  bepraat wurde. Men moat mei elkoar oerlizze en in kar meitsje út  de ferskate ynstruminten.

 

Projektlieder: a.walsweer@nhl.nl

 

IMG_7545
Albert Walsweer (projectleider), Janke Singelsma, Maaike Pulles en Sjoeke Faasse (ontbreekt op de foto)

Projekt voortgang

Grip op mûnlinge taalfeardigens en skriuwfeardigens Complete 65% Fases 2 / 4

65%

2 van 4 kompleetFases

  • Fase 1: observaasjeynstruminten foar midden- en boppebou fan PU
  • Fase 2: observaasjeynstruminten foar de ûnderbou PU
  • Fase 3: observaasjeynstrumint foar de ûnderbou fan it FU
  • Fase 4: digitalisearring fan de ynstruminten