Grip op wurdskat en grammatika (Frisia)

Wat wurdt der metten?

Taalfersoarging: wurdskat, morfologyske- en grammatikale kennis

Oer hokfoar domein út it RRF giet it?

Domein skriuwen, ûnderdiel taalfersoarging op nivo A1 oant en met C2

Foar hokfoar groepen is it ynstrumint?

Foar-Frisiatoets Basisûderwiis: groep 5 en 6
Fuortset ûnderwiis: basisfoarming vmbo-BB/BK
Basis-Frisiatoets Basisûnderwiis: groep 7 en 8
Fuorset ûnderwiis: basisfoarming vmbo-GT, havo en vwo en boppebou vmbo-GT
Nei-Frisiatoets Fuortset ûnderwiis: twadde fase (havo en vwo)

Ôfname

De Basis-Frisiatoets is in digitaal ynstrumint dat klassikaal makke wurde kin. It meitsjen fan de toets kostet tusken de 15 en 30 minuten. De toets wurdt automatysk neisjoen, de learkrêft en de learling kinne daliks de toetsresultaten besjen.

Hoe faak?
Twa kear per jier: oan it begjin en oan ‘e ein fan it skoaljier

Hoe kin ik de ynformaasje brûke foar myn ûnderwiis?

De nulmjitting oan it begjin fan it jier jout it rrF-nivo oan, dêr ’t de learling op ynstappe kin mei de oefeningen. De einmjitting jout oan oft de learling progresje makke hat yn ferliking mei de nulmjitting. De útkomsten kinne brûkt wurde om de learlingen yn homogene of krekt heterogene groepkes te pleatsen.

Gaadlik foar hokfoar skoallen?

De toets is gaadlik foar skoallen dy’t in deechlik Frysk oanbod hawwe op it mêd fan skriuwen.

De saneamde Basis-Frisiatoets is in digitaal ôf te nimmen toets dy’t de taalkennis fan it Frysk op it mêd fan idioom, syntaksis, morfology en semantyk mjit. De toets bestiet út sechstich items en elk item hat fjouwer antwurdmooglikheden. Mei-inoar foarmje dy items in frij betroubere en falide skaal om it taalkennisnivo fan learlingen fêst te stellen.

De Basis-Frisiatoets kin brûkt wurde as ynstaptoets en as folchynstrumint. De toets jout in yndruk fan wat de learlingen witte fan de Fryske taal. Hoefolle oft dat seit oer hoe goed oft sy it Frysk brûke kinne, is ûnwis. It jout op syn heechst in yndikaasje fan it nivo en dat kin de learaar helpe om it programma op de learling(en) ôf te stimmen. Troch de toets troch de jierren hinne in pear kear ôf te nimmen kin de learaar ek in yndruk krije fan de fuortgong fan de learling/groep learlingen.

De bedoeling is om fan de toets in (Frys)lânlik noarmearre ynstrumint, in standerttoets, te meitsjen.

Projektlieder: reitze.jonkman@nhl.nl

IMG_7549
Jurjen Kingma, Reitze Jonkman (projectleider), Alex Riemersma

Projekt voortgang

Grip op wurdskat en grammatika (Frisia) Complete 90% Fases 4 / 5

90%

4 van 5 kompleetFases

  • Fase 1: Ferantwurding nijsbrieven en rapport Frisiatoets
  • Fase 2: Ferantwurding Lêzingen en artikel Frisiatoets
  • Fase 3: Ferantwurding artikel Foar-Frisiatoets
  • Fase 4: Ynventarisaasje en pilor items foar Nei-Frisiatoets
  • Fase 5: Ofname wurkferzje en ferantwurding Nei-Frisiatoets