Grip op LVS

It LVS is in learlingfolchsysteem foar it Frysk, wêrby’t de learfoarderingen fan de evaluaasjeútkomsten byhâlden wurde kinne. It systeem kin sawol de metoadeôfhinklike as de metoade-ûnôfhinklike data byhâlde; per learling, per klasse en/of per skoalle. It systeem jout de learaar en de learlingen ynformaasje oer de ûntwikkeling fan de learling en it gemiddelde fan in groep. Dat is relatearre oan de learlinen fan it kurrikulum (ERK) foar alle domeinen (lykas praten, lêzen) en sjenres fan taalgebrûk (lykas in diskusje, presintaasje, folder). It learlingfolchsysteem foar it Frysk is ienfâldich yn it gebrûk en kin omgean mei allegear ferskillende foarmen fan evaluaasjes en evaluaasjeresultaten.

Projektlieder: w.deboer@afuk.nl

Screenshots fan it LVS

Taalportfolio:

taalportfolio

Toets Searje:

toets Searje 36

Resultaat:

resultaat op toets

Fuortgang:

resultaten toets

 

 

IMG_7551
Wim de Boer (projectleider), Lisa Boersma, Ate Grijpstra

 

 

Projekt voortgang

Grip op LVS Complete 78% Fases 2 / 5

78%

2 van 5 kompleetFases

  • Fase 1: Ynventarisaasje fan (besteande) LVS-systemen
  • Fase 2: Technyske basis foar it LVS-systeem, ynkl. behearmodule, administraasje, API’s
  • Fase 3: Digitale toets- en evaluaasjebank
  • Fase 4: Module resultaten, kurrikulum en analyze
  • Fase 5: Digitaal taalportfolio