Grip op metoadebûne toetsen

Wat wurdt der metten

Taalûntwikkeling Frysk, yn it basisûnderwiis keppele oan ‘e nije metoade Frysk foar it pû (wurknamme Digiline en Studio F) en yn it fuortset ûnderwiis keppele oan ‘e metoade Searje-36.

Oer hokfoar domein út it RRF giet it?

De metoadebûne evaluaasjes binne ornearre foar de domeinen ferstean, yn petear wêze, praten, lêzen en skriuwen.

Foar hokfoar groepen is it ynstrumint?

Basisûnderwiis: groep 5, 6, 7 en 8
Fuortset ûnderwiis: klasse 1 en fierder

Ôfname

De metoadebûne evaluaasjes besteane út meardere toetsen en oare foarmen fan evaluaasje per jier, sjoch de tabel troch hjir te drukken.

Hoe kin ik de ynformaasje brûke foar myn ûnderwiis?

De metoadebûne evaluaasjes binne formatyf fan aard en jouwe ynsjoch yn ‘e taalûntwikkeling yn relaasje ta it rrF.

Gaadlik foar hokfoar skoallen?

De metoadebûne evaluaasjes binne gaadlik foar alle skoallen yn Fryslân dy’t wurkje mei (ûnderdielen fan ‘e) neamde metoaden. Eltse skoalle kin sels kieze hokfoar toetsen en evaluaasjes passe by it oanbod fan ‘e skoalle.

Metoadebûne toetsen binne evaluaasjes/observaasjes, op basis fan de útwurking fan it ERK, foar alle jierren fan it p.û. en de ûnderbou fan it f.û. De toetsen binne ûnderdiel fan de learlinen en materialen fan de metoade(s) Frysk. It binne foar in grut part formative evaluaasjes dy’t geskikt binne foar opbringstrjochte wurkjen, wêrby’t útkomsten fan de evaluaasjes learlingen en dosinten stypje en stjoere yn harren lear- en ûnderwiisproses. Se jouwe in soad feedback oer it nivo en de fuortgong fan it learen. De metoadetoetsen wurde yntegraal ûnderdiel fan it learlingfolchsysteem (projekt 5), dat keppele wurdt oan de nije digitale learomjouwing(en).

Projektlieder: w.deboer@afuk.nl

IMG_7551
Wim de Boer (projectleider), Lisa Boersma, Ate Grijpstra

Projekt voortgang

Grip op metoadebûne toetsen Complete 92% Fases 2 / 3

92%

2 van 3 kompleetFases

  • Fase 1: Ynventarisaasje fan (besteande) metoadebûne evaluaasjes
  • Fase 2: It meitsjen fan nije evaluaasjes en it oanpassen fan besteande evaluaasjes op basis fan it rrF
  • Fase 3: Untwikkelje fan yntegrearre evaluaasje foar stavering en grammatika fia de meunstertún (game)