Grip op begripend lêzen

Wat wurdt der metten?

Begripend lêzen Frysk

Oer hokfoar domein út it RRF giet it?

Domein lêzen, ûnderdiel lêsbegryp nivo A1 oant en mei B1

Foar hokfoar groepen is it ynstrumint?

Basisûnderwiis: groep 5, 6, 7 en 8

Fuortset ûnderwiis: klasse 1

Ôfname

De toets Lêsbegryp is in digitaal ynstrumint, dat klassikaal brûkt wurde kin. Elke toets bestiet út trije teksten, ien fiksje, ien ynformatyf en ien persoanlik, mei yn trochsnee 10 fragen per tekst. It meitsjen fan de toets kostet likernôch sa’n 40 minuten. De toets wurdt automatysk neisjoen, de learkrêft (en de learling?) kin(ne) fuortendaliks de toetsresultaten besjen.

 

Hoe faak?
Ien kear per jier

Hoe kin ik de ynformaaasje brûke foar myn ûnderwiis?

De toets Lêsbegryp jout ynsicht yn ‘e feardichheid begripend lêzen Frysk fan in learling yn ferliking mei de oare learlingen yn Fryslân. De resultaten fan de toets jouwe oan hokfoar learlingen ferlet ha fan ekstra begelieding of oefenmateriaal om it begripen fan it skreaune Frysk better te behearskjen.

Gaadlik foar hokfoar skoallen?

It ynstrumint is gaadlik foar skoallen dy’t in deechlik Frysk oanbod hawwe op it mêd fan Frysk lêzen.

De toetsen Begripend lêzen mjitte by de learlingen it begryp fan Fryske teksten op har eigen nivo. Der komme toetsen beskikber foar groep 5 p.û. oant en mei klasse 1 f.û. Alle jierren kinne jo in toets ôfnimme, dêr’t de resultaten fan yn it folchsysteem GRIP komme. De toetsen wurde noarmearre ûnder learlingen yn Fryslân en jouwe ynsicht yn wêr’t jo learling stiet yn it lêsbegryp. De toetsen binne digitaal, en wurde automatysk troch de kompjûter neisjoen.

Wêrom lêsbegryp?

Lêzen is in belangrike feardigens op skoalle. Ek foar bern dy’t muoite hawwe mei it Frysk praten, is it lêzen fan teksten in goede manier om yn kontakt te kommen mei de taal. Dêrneist foarmet lêzen de basis fan wurdbyld, dat wichtich is by it skriuwen fan it Frysk. Hoewol’t op skoalle it lêzen ornaris yn it Nederlânsk oanleard wurdt, wol dat net sizze dat men dan automatysk ek goed Frysk lêze kin. Dizze toetsen litte sjen yn hoefiere jo learling it begripen fan Fryske teksten yn de macht hat. Boppedat is lêzen ek in toetsbere feardigens dy’t, yn tsjinstelling ta skriuwen en praten, mei mearkarfragen mei behelp fan de kompjûter toetst wurde kin. Hjirtroch wurdt in toetsresultaat objektyf, want der is gjin diskusje nedich by it neisjen. It resultaat wurdt hjirmei better fergelykber mei de resultaten fan oare learlingen. Sa kinne wy de feardigens en de ûntwikkeling mjitte fan jo learling.

Projektlieder: jurjen.kingma@nhl.nl

IMG_7549
Jurjen Kingma (Projectleider), Reitze Jonkman, Alex Riemersma

Projekt voortgang

Grip op begripend lêzen Complete 92% Fases 4 / 5

92%

4 van 5 kompleetFases

  • Fase 1: Tekstsammeling
  • Fase 2: Itemskiruwen en digitalisearjen
  • Fase 3: Konsultaasje panels fan eksperts
  • Fase 4: Pilots draaien en analyze
  • Fase 5: Hantlieding en ferantwurding