Fierder mei Frysk

Effektyf kontakt mei dyn learlingen, dat wolsto dochs ek? Kom dêrom op tongersdei 15 novimber 2018 nei Fierder mei Frysk foar ynspiraasje en advys.

Om’t dit it 15e kongres is én Ljouwert dit jier Kulturele Haadstêd fan Europa is, hawwe wy dit jier in ekstra kadootsje. Foar 20 minsken binne der kaartsjes beskikber foar de teäterfoarstelling Liquid Loft: Church of Ignorance.*

* VLLT-leden krije foarrang, dêrnei jildt: wa’t earst yn de roef komt, hat kâns fan plak. 

Datum: 15 novimber 2018
Tiid: ynrin 15.30-16.00, programma 16.00-20.30 oere
Foar: dosinten Frysk, direksjeleden út fuortset ûnderwiis en mbû én studinten Frysk
Tema: Do(sint) en learling
Wêr: NHL Hegeskoalle, Rengerslaan 10, Ljouwert
Kosten: € 49,-, (studinten betelje € 25,-)
Organisaasje: Cedin, NHL Stenden Hegeskoalle (Learareoplieding Frysk), VLLT (seksje Frysk) en Cedin


Programma

15.15  Ynrin yn mûne De Eendragt (NHL Stenden Hegeskoalle)
16.00  Iepening
16.05  Kommissaris fan ‘e Kening, de hear drs. A.A.M. Brok
16.25  Ate Grijpstra en Anita Oosterloo oer Kurrikulum.frl
16.35  Halbe Piter Claus en Bart Kingma oer it nije LêsNo-projekt
16.45  Ingrid van Essen oer eksekutive funksjes
17.30  Diner
18.30  Earste omgong wurkwinkels
19.30  Twadde omgong wurkwinkels
20.30  Ofsluting + buorrel

21.30  Foar wa’t wol: nei de foarstelling Liquid Loft: Church of Ignorance yn de Westerkerk, Bagijnestraat 59 yn Ljouwert


Oer haadsprekker Ingrid van Essen

Hoe giesto om mei dyn learlingen? Watfoar dosintehâlding is wannear nedich? Hoe makkest kontakt mei de learling wylst dy yn alles sjenlit dêr gjin sin oan te hawwen? Op Fierder mei Frysk giet Ingrid van Essen yn op dizze fragen en jout hânfetten dy’t de oare deis al yn ‘e klasse ynsetten wurde kinne.
Drs. Ingrid van Essen wie dosint yn it fuortset ûnderwiis en learlingebegelieder. Sûnt koart hat se har folslein talein op it jaan fan ûnderwiistrainingen en is se pubercoach. Se is auteur fan de boeken Effectief en affectief lesgeven aan pubers, Pubermania en Schoolmania.


Wurkwinkels yn it koart

  1. Joke van Balen – Mei ik jo yn ’e rede falle?
    Persoansfoarming giet oer it stellen fan fragen as: hoe bin ik? Watfoar keuzes meitsje ik? Wat betsjut dat foar mysels en oaren? It is hot item yn ûnderwiislân omdat men fynt dat ûnderwiis mear wêze moat as it oerdragen en oanlearen fan kennis en feardichheden. Mar hoe sjocht persoansfoarming derút by dyn learlingen? En hoe soargest derfoar dat der plak foar is yn dyn les? Dosinte-oplieder Joke van Balen (NHL Stenden Hegeskoalle) die hjir ûndersyk nei en jout yn dizze ynteraktive lêzing antwurden.
  2. Tryater – TryaterTaal
    Kinst op taal fytse? Wat is in WaaW? Kin in wurd ek neat betsjutte? Mei help fan teäterwurkfoarmen sille wy de grinzen fan taal ferkenne. In workshop mei oandacht foar ferbylding en kreativiteit. Troch te boartsjen mei taal ûndersykje wy nije klanken, nije wurden en oare manieren om dysels út te drukken. Utgongspunt fan TryaterTaal is wille yn taal en it prikkeljen fan de ferbylding.
  3. Conrad Berghoef – Joehoe meisje!
    Conrad Berghoef fan ROC Friese Poort Drachten waard yn 2017 mbû-dosint fan it jier yn de lanlike ferkiezing Leraar van het Jaar. ‘Deze docent Nederlands sluit in zijn lessen nauw aan bij de belevingswereld van de student’, sa sei de sjuery. Mar hoe docht er dat? Hoe berikke jo learlingen? Dizze fraach – dy’t yn dit gefal earder pedagogysk as didaktysk fan aard is – stiet sintraal yn de workshop. De blog ‘Joehoe meisje!’ fan Conrad Berghoef foarmet de ynspiraasje foar dizze workshop oer de konneksje tusken (taal)dosint en learling.
  4. Gerbrich de Jong – Wurdskatferwerving Frysk
    Gerbrich de Jong is dosint oan de Learareoplieding Frysk en Nederlânsk fan NHL Stenden Hegeskoalle. Foar de fakmaster Frysk die se praktykûndersyk nei Frysk wurdskatûnderwiis. Se tocht nei oer hoe’t learlingen yn de klasse mei nije wurden yn oanrekking komme en mjitte wat it effekt dêrfan is op harren aktive wurdskat. Wat leare learlingen fan it taalgebrûk fan de dosint? Hat in ‘wurd fan ‘e wike’ sin? Konkrete wurdlisten foarmje ferfolgens de basis foar it betinken fan effisjinte wurkfoarmen.


Praktyske ynformaasje

Lokaasje
NHL Hogeschool
Rengerslaan 10
8917 DD Ljouwert
(Parkeare kin op it parkearterrein fan de NHL, oan ‘e ein fan it kongres krije jo fergees in útriidkaart)

Kosten
Fierder mei Frysk kostet € 49,- de man (studinten betelje € 25,-). It jildt as offisjeel byskoallingsmomint foar dosinten. Nei ôfrin kinne dielnimmers in tsjûchskrift krije as presinsjebewiis.


Opjefteformulier

Opjaan foar 19 oktober 2018

Klik op de ôfbylding om oan te melden


Teäterfoarstelling
Liquid Loft: Church of Ignorance

Om’t dit it 15e kongres is én Ljouwert dit jier Kulturele Haadstêd fan Europa is, hawwe wy dit jier in ekstra kadootsje. Foar 20 minsken binne der kaartsjes beskikber foar de teäterfoarstelling Liquid Loft: Church of Ignorance*, in projekt fan Explore the North, Lân fan Taal, Oerol en LF2018. De foarstelling fynt oanslutend oan ús kongres plak om 21.30 oere yn de Westerkerk, Bagijnestraat 59 yn Ljouwert.

It Eastenrykse teäterselskip Liquid Loft wie yn novimber 2017 yn Fryslân om hjir noardlike talen en dialekten te sammeljen. Yn de foarstelling hearst de Fryske taal werom yn in soarte fan ritme. In ritme dat dy meinimt yn in mysterieuze, talige reis. Wylst neat ferstiest, begrypst dochs wat der bedoeld wurdt. De spektakulêre dûnsfoarstelling is spesjaal oanpast oan de lokaasje en arzjitektuer fan de Westerkerk. >> Mear ynformaasje

* VLLT-leden krije foarrang, dêrnei jildt: wa’t earst yn de roef komt, hat kâns fan plak.