WAT IS GRIP?

Taalûnderwiis yn Fryslân is yn prinsipe altiten meartalich ûnderwiis. Frysk en Ingelsk binne ferplichte ûnderdielen binnen it reguliere taalûnderwiis yn Fryslân en alle p.û.- en f.û.-skoallen moatte hjirre fisy en belied ûntwikkelje op it mêd fan yntegraal meartalich ûnderwiis. Om de ûntwikkeling fan bern better folgje te kinnen, wurde de evaluaasje-ynstruminten ek ôfstimd op dizze trije talen. Grip is mei ta stân kaam troch de finansjele bydrage fan de Provinsje Fryslân.

DOCH MEI

Grip is fan en foar de skoallen! It toets- en evaluaasjesysteem moat naadleas oanslute by it ferlet fan skoallen. Dêrom wurde skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis ek yntinsyf belutsen by de ûntwikkeling fan ‘e ferskillende ynstruminten. Jo reäksje en miening foarmje in wolkomme ynbring by de toetsûntwikkeling en it ymplemintaasjeproses.